In ferhaal mei de kamishibai (ferhalekastje) (2 - 4 jier) troch Siets Ypenga
donderdag 18 september 2025 15:00 - 15:30
Locatie Bibliotheek Buitenpost
Categorie Kinderen en jongeren 0 -18 jaar
Tags Taal Voorlezen
Prijzen
  • Leden gratis
  • Niet-leden gratis
Download Toevoegen aan agenda
Terug

In ferhaal mei de kamishibai (ferhalekastje) (2 - 4 jier) troch Siets Ypenga

Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldige manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat! Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken binne der 3 ferskillende foarstellingen yn ús bibleteken.**

Yn ferhaal mei de kamishibai (ferhalekastje)

It ferhaal giet oer in barchje, dat op in pleats wennet yn in hokje. Foar dat hokje is in modderplasse, dêr't er graach yn sit. Mar dan makket de boerinne alles skjin, ek it hokje en de modderplasse wurde doech makke. Dan wol it barchje dêr net langer mear wenje en rint er fuort. Sa komt er yn'e stêd, it liket wol as leit dêr in lekkere modderbult, mar it is semint... Hy komt fêst te sitten en der komme allegearre minsken te sjen. De boer en de boerinne binne ek op syk, want se binne it barchje kwyt. De brânwacht moat der by komme om it barchje los te krijen. Dan geane se werom nei de pleats. It begjint te reinen en de modderplasse thús is wer werom.

Wêr en wannear?
15 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Harns

17 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Sint Anne

18 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Bûtenpost

25 septimber, 15.00 - 15.30 yn Bibleteek Surhústerfean

30 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Dronryp

Oanmelde
Dizze aktiviteit is fergees (gratis), ek ast gjin lid bist fan de bibleteek. Oanmelde is wol nedich. Dit kin oan de baly fan de bibleteek of fia ûndersteande knop.

Sjoch foar mear ynformaasje op: lesmarfoar.frl


Leden
gratis
Niet-leden
gratis