Lêzing Hylke Speerstra | Dokkum
vrijdag 21 februari 2025 10:00 - 11:45
Locatie Bibliotheek Dokkum
Categorie Volwassenen
Tags Literatuur
Prijzen
  • Niet-leden € 7,50
  • Leden € 5,00
Download Toevoegen aan agenda
Terug

Lêzing Hylke Speerstra | Dokkum

Op freed 21 febrewaris, op de Ynternasjonale dei fan de Memmetaal, komt Fryslâns meast lêzen skriuwer Hylke Speerstra nei de biblioteek fan Dokkum. Syn lêzing stiet yn it teken fan it kulturele ferskaat en it belang fan ús memmetaal en de reis dy’t hy mei syn boeken makke hat.

Hylke Speerstra
Skriuwer en ferteller Hylke Speerstra waard ein 2023 beleanne mei de heechste provinsjale kultuerpriis, de Sulveren Anjer. ‘Hy is in ferhaleferteller pur sang, in choniquer en literair sjoernalist.” Sa priizge Kommissaris fan de Kening Arno Brok de skriuwer. “Dêrmei is Speerstra ien fan Fryslâns iconen. Boppedat is er in romantikus en ynpirator, dy’t yn in blomrike taal fertelt,” moast Brok kwyt.

Mei syn lêste en 20ste boektitel, Testamint fan de siel, blykt er foar de safolste kear fierwei de meast ferkochte Fryske auteur te wêzen. Op freedtemoarn 21 febrewaris 2025 komt de skriuwer nei de bibliotheek yn Dokkum. It is dan de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal.

Nei it ferskinen fan syn It Wrede Paradys waard it Speerstra wol dúdlik hoe djip jins memmetaal yn jins wêzen ferankere leit. It bliuwt jinst earste utering, oan de lêste siken ta. Ek al hat men der yn de rin fan de jierren trije oare talen by leard. Speerstra kin der as reiziger en taalman prachtich oer fertelle. Dat docht er yn oangripende fragminten, somtiden ek mei in hilaryske anekdoate.

Speerstra: “Je sitte ornaris in pear jier oan in boek te wurkjen. Dan makket it ferhaal swart op wyt de reis nei de lêzers. Hoe wûnderbaarlik kin dan de neisleep fan sa’n projekt wêze. Hoe learsum ek. De reaksjes wiene bytiden bjusterbaarlik.” Speerstra fûn it de muoite wurdich der in ‘fertelprogramma’ fan te meitsjen. “Ik woe dat mar ris útprebearje yn Dokkum. Hjir wurdt noch in soad lêzen.”

Oanmelde
Kaarten bestelle kin fia de knop hjirûnder of by de baly fan de biblioteek, mar wachtsje net te lang!

Biblioteek Dokkum: freed 21 febrewaris 10:00 - 11:45 oere.
Fansels kinne jo op dizze moarn ek boeken fan Speerstra keapje.


Leden

€ 5,00
Niet-leden

€ 7,50