Locatie | Bibliotheek Franeker |
Categorie | Kinderen en jongeren 0 -18 jaar |
Muziek Taal Voorlezen | |
Prijzen |
|
Download | Toevoegen aan agenda |
Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldige manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat! Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken binne der 3 ferskillende foarstellingen yn ús bibleteken.
Lekker harkje nei in ferhaal út it tema boekje 'Op aventoer' en dêrnei dit ferhaal dûnsje! By Willy van Danswil kinne de bern wer hearlik hippe, draaie en krûpe. Foar pjutten, beukers, harren âlden en pakes en beppes.
Lekker luisteren naar een verhaal uit het themaboekje 'Op avontuur' en daarna dit verhaal dansen! Bij Willy van Danswil kunnen de kinderen weer heerlijk hippen, draaien en kruipen.
Sjoch hier foar mear ynformaasje oer Danswil.
Foar wa?
Foar pjutten en beukers en harren âlden (voor peuters en kleuters en hun ouders)
Oanmelde
Meidwaan is fergees (gratis). Ek ast net lid bist fan de bibleteek. Oanmelde is wol nedich. Dit kin fia ûndersteande knop of by de baly fan de bibleteek.
Sjoch foar mear ynformaasje op: lesmarfoar.frl