Locatie | Bibliotheek Dokkum |
Categorie | Kinderen en jongeren 0 -18 jaar |
Taal Voorlezen | |
Prijzen |
|
Download | Toevoegen aan agenda |
Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldige manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat! Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken binne der 3 ferskillende foarstellingen yn ús bibleteken.
Poppeteäter Rozemarijn fan Janny Bron spilet in sfearfolle, mearkeseftige poppintteäterfoarstelling foar pjutten en beukers. Jurre moat op 'e skatkiste fan 'e prinses passe, mar hy mei net yn 'e skatkiste sjen. Wat soe der dochs yn sitte? Jurre en de bisten fan it bosk binne ferskriklik nijsgjirrich. En as de skatkiste ynienen ferdwûn is, wurdt it wol in hiel spannend ferhaal fol aventoer!
In foarstelling wêrby't fan alles te sjen en te hearren is en wêrby't de bern ynteraktyf reagearje kinne.
Oanmelde
Dizze aktiviteit is fergees (gratis), ek ast gjin lid bist fan de bibleteek. Oanmelde is wol nedich. Dit kin oan de baly fan de bibleteek of fia ûndersteande knop.
Sjoch foar mear ynformaasje op: lesmarfoar.frl