In ferhaal betinke mei de 'kamishibai' (2 - 4 jier)
donderdag 18 september 2025 15:00 - 15:30
Locatie Bibliotheek Buitenpost
Categorie Kinderen en jongeren 0 -18 jaar
Tags Taal Voorlezen
Prijzen
  • Leden gratis
  • Niet-leden gratis
Download Toevoegen aan agenda
Terug

In ferhaal betinke mei de 'kamishibai' (2 - 4 jier)

Lês-mar-foar-wiken

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldige manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat! Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken binne der 3 ferskillende foarstellingen yn ús bibleteken.**

In ferhaal betinke mei de “kamishibai”. Willy van der Meer makket tegearre mei de bern (fan 2 oant 4 jier) in ferhaal oer in jonge en in famke dy’t tegearre op aventoer wolle, mar dy’t net goed witte hoe't dat moat. Want wat is in aventoer? Nei pake en beppe sûnder heit of mem? Op fakânsje gean en hiel lang yn'e auto sitte moatte? Of moatst in aventoer betinke? En gewoan thúsbliuwe? Dan is it net echt en kinst fansels ek wol meunsters fuortjeie of in bear fange? Of is dat te spannend? Dan meitsje wy der tegearre dochs in aardiche bear fan?

In ko-produksje fan ferteller en publyk mei help fan in Japanske fertelkast, in 'kamishibai'. It ferhaal wurdt gjin twa kear itselde, mar in spannend aventoer wurdt it alle kearen.

Wêr en wannear?
15 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Harns

17 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Sint Anne

18 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Bûtenpost

19 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Hallum

25 septimber, 11.00- 11.30 yn Bibleteek Surhústerfean

30 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Dronryp

Oanmelde
Dizze aktiviteit is fergees (gratis), ek ast gjin lid bist fan de bibleteek. Oanmelde is wol nedich. Dit kin oan de baly fan de bibleteek of fia ûndersteande knop.

Sjoch foar mear ynformaasje op: lesmarfoar.frl


Leden
gratis
Niet-leden
gratis