In ferhaal betinke mei de kamishibai (ferhalekastje) (2 - 4 jier) troch Willy van der Meer
woensdag 1 oktober 2025 15:00 - 15:30
Locatie Bibliotheek Hallum
Categorie Kinderen en jongeren 0 -18 jaar
Tags Taal Voorlezen
Prijzen
  • Leden gratis
  • Niet-leden gratis
Download Toevoegen aan agenda
Terug

In ferhaal betinke mei de kamishibai (ferhalekastje) (2 - 4 jier) troch Willy van der Meer

Fan 1 oant en mei 26 septimber binne de 'Lês-mar-foar-wiken!' Yn dizze perioade wurde bern oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, yn de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want wat is der better as foarlêze?! En it is ek in geweldige manier om de Fryske taal te befoarderjen. It tema fan dit jier is: aventoer! In werkenber tema foar eltsenien dy't mei jonge bern te krijen hat! Spesjaal foar de Lês-mar-foar-wiken binne der 3 ferskillende foarstellingen yn ús bibleteken.

In ferhaal betinke mei de kamishibai (ferhalekastje) mei Willy van der Meer

Willy van der Meer makket tegearre mei de bern (fan 2 oant 4 jier) in ferhaal oer in jonge en in famke dy’t tegearre op aventoer wolle, mar dy’t net goed witte hoe't dat moat. Want wat is in aventoer?

Wêr en wannear?
1 oktober, 15.00 - 15.30 yn Bibleteek Hallum.

De oare foarstelling In ferhaal mei de kamishibai mei Siets Ypenga is yn oare bibletheken.
15 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Harns
17 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Sint Anne
18 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Bûtenpost
25 septimber, 11.00- 11.30 yn Bibleteek Surhústerfean
30 septimber, 15.00- 15.30 yn Bibleteek Dronryp

Oanmelde
Dizze aktiviteit is fergees (gratis), ek ast gjin lid bist fan de bibleteek. Oanmelde is wol nedich. Dit kin oan de baly fan de bibleteek of fia ûndersteande knop.

Sjoch foar mear ynformaasje op: www.ontdekdebieb.nl/lesmarfoar


Leden
gratis
Niet-leden
gratis