Lêzing Hylke Speerstra 'Testamint fan de siel'
donderdag 27 maart 2025 19:30 - 21:00
Locatie Bibliotheek Dronryp
Categorie Volwassenen
Tags Cultuur & historie Literatuur Taal
Prijzen
  • Niet-leden € 7,50
  • Leden € 5,00
  • Luxe-abonnement gratis
Download Toevoegen aan agenda
Terug

Lêzing Hylke Speerstra 'Testamint fan de siel'

It ferhaal oer it libben fan in skiuwer en syn boeken
Fryske skriuwer Hylke Speerstra komt nei Dronryp om oer syn skriuwerskip en boeken te fertellen. Moaie gelegenheid om der achter te kommen oft Speerstra mei syn Terstamint fan de siel no syn lêste boek skreaun hat of net…

‘It bloed krûpt bytiden dêr’t it net gean kin,’, seit er. ‘Mar ik sil dy tongersdeitejûn yn Dronryp yn elk gefal fertelle wat al dy reis- en skriuwaventoeren my sels brocht ha. Der binne dingen bard =… no, dêr wol ik it ek oer ha.’

Speerstra skreau sa’n tweintich titels en swalke dêrfoar letterlik de hiele wrâld oer. Hy wie ek noch in skoft haadredakteur van de Ljouwerter krante. Hoe organisearre er dat? Fêst stiet dat it him (en dêrmei ek in protte lêzers) ûnferjitlike ferhalen oplevere hat. Soms mei hilaryske annekdoates, mar faker binne it wize libbenslessen fan gewoane minsken dy’t hiel wat ûngewoans belibben en oerlibben.

Speerstra is graach dy jûn ree om yn te gean op fragen oer it fak fan skriuwen en sa. Fan al syn tweintich titels hat er in pear sinjearre eksimplaren meinommen. ‘Foar de ferkeap. It wurdt tiid om op te romjen.’

Oanmelde
Kaarten bestelle kin fia de knop hjirûnder of by de baly fan de biblioteek, of skilje mei ús klantenservice 088 - 16 56 123.


Luxe-abonnement
gratis
Leden

€ 5,00
Niet-leden

€ 7,50